Zoekresultaten
Resultaat 1 - 5 (van 5)
Baukje Wytsma Silke & miss Dee
De âlde miss Dee, dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op...
Westerlauwers Fries | 2 uur 50 minuten (245 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2022
Luisterboek (digitaal)
Mirjam van Houten Tije
Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje. Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan. Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean? Yn 'e stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt... Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 2 uur 6 minuten (182 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2022
Luisterboek (digitaal)
Joop Boomsma Ien foar de wraak
De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter MAVO it lyk fûn fan in learaar. In ûngelok? Of is der sprake fan opsetsin. De polysje siket en ûndersiket, mar kriget gjin inkeld hâldfêst. It liket der op dat de krekte tadracht yn 'e dize hingjen bliuwt. De dea fan Arnold Hagen sil in riedsel bliuwe. Jaap Dykstra, kollega, mar benammen freon fan it slachtoffer, leit him dêr net by del. Hy hat ûndertusken sa syn fermoedens en nimt de tried op dy't de plysje slûpe litte moast....
Westerlauwers Fries | 3 uur 14 minuten (210 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Sietse de Vries Kûgels foar Kant
Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Krekt as resjersjeur Jurre Stapensea stadich fuort driget te glydzjen yn in midlifecrisis, komt er yn 'e kunde mei terrasfilosoof Hedzer Benedictus. Dy hat in eigenaardige teory ûntwikkele oer de ûndergong fan de wrâld, ûntliend oan de filosoof Kant. Stapensea rekket sa fan...
Westerlauwers Fries | 7 uur 2 minuten (482 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Rink van der Velde De Fûke
It ferhaal oer de ynbannige fiskerman dy’t troch de Dútsers oppakt wurdt en ûnder it ferhoar hieltyd fierder yn de ‘fûke’ bedarret, boeit de lêzers no al hast fjirtich jier. Mei rjocht en reden! It boek lei Rink van der Velde tige nei oan it hert. De roman ferskynde yn it Nederlânsk, Ingelsk en Oekraynsk. Yn 1999 kaam de film út, mei Rense Westra yn de haadrol en Steven de Jong as regisseur. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 2 uur 45 minuten (230 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)